Woudagemaal yn wurking

04 des 2007 - 15:38
  • It Woudagemaal op 'e Lemmer wurket noch op stoom

Wetterskip Fryslân hat it Woudagemaal op 'e Lemmer tiisdei oanset om de grutte partijen wetter yn Fryslân fuort te meallen. Troch de protten rein en de hurde wyn is de wetterstân yn 'e provinsje 13 sintimeter heger as normaal. It Hooglandgemaal by Starum is snein al oanset om it wetter de Iselmar yn te pompen.

It Woudagemaal is it âldste noch wurkjende stoomgemaal yn 'e wrâld. Iy stiet op 'e Wrâlderfguodlist.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)