Woudagemaal wer oan

13 jan 2004 - 00:00

Wetterskip Fryslân hat de ôfrûne dagen boppe ferwachting genôch wetter útsmite kinnen by Harns en Lauwerseach. Om't der in soad reinwetter fallen is -en nei ferwachting noch mear falle sil- is it Woudagemaal by Teakesyl oanset.

Dat is is ûnder oare ek dien om't it wetterskip der fanútgien wie dat it fanwege de wyn dreech wêze soe om op de Waadsee út te wetterjen. It Woudagemaal bliuwt foarearst noch wol yn wurking, omdat noch mear rein foarsein is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)