Woudagemaal tsjin teiwetter

27 des 2009 - 10:47
  • It Woudagemaal by De Lemmer

It Wetterskip Fryslân hat snein it Woudagemaal by De Lemmer oanset yn de striid tsjin it teiwetter. Troch it teien fan snie en iis is de wetterstân yn Fryslân yn koarte tiid flink omheech gien. As dêr neat tsjin dien wurdt soe moandei in krityk punt berikt wurde.

Twa dagen lyn sette it wetterskip ek al it Hooglandgemaal by Starum oan. De ynset fan de gemalen is nedich omdat der yn it noarden fan Fryslân net spuid wurde kin op see.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)