Woudagemaal te besjen fia Google Special Collects

10 feb 2015 - 16:02

It Woudagemaal op De Lemmer is fan tiisdei ôf firtueel te besjen. Dit kin fia Google Special Collects. Google bestiet tsien jier en fiert dit troch tolve Nederlânske objekten fia Street View sjen te litten.

Twa fan de tolve objekten steane op de Wrâlderfgoedlist. It giet om de 'Amsterdamse Grachtengordel' en it Fryske Woudagemaal. Belangstellenden oer de hiele wrâld kinne no it stoomgemaal online besjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)