Woudagemaal op wrâlderfskip-site

17 mrt 2006 - 16:51

De seis Unesco 'werelderfgoederen' yn Nederlân binne no ûnderbrocht yn ien platfoarm mei ien mienskiplike website. Ien fan de seis werelderfgoederen is it ir. D.F. Woudagemaal by Teakesyl. Oare werelderfgoederen binne ûnder oare it eardere eilân Skoklân yn de Noardeastpolder en Kinderdijk.

De werelderfgoederen sille no oparbeidzje mei publyksaktiviteiten en ek yn harren kontakten mei de oerheid. Op www.werelderfgoed.nl stiet mear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)