Woudagemaal oan by stoarmwaar

11 jan 2007 - 10:44

It wetterskip Fryslân hat tongersdei it Woudagemaal wer oanset. Neffens in wurdfierder is de wetterstân benammen yn Noardeast-Fryslân heech. Fierder wurdt op dit stuit besjoen of tder fannacht ek dykbewaking wêze moat. Om twa oere nachts wurdt it heech wetter.

By de swiere stoarm fan tongersdei wurde wynstjitten fan krêft tsien of heger foarsein. Fanwege de stoarm farre der tydelik gjin boaten fan Harns nei Skygle en Flylân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)