Woudagemaal en Waadsee yn telefyzjesearje oer wrâlderfgoed

04 feb 2016 - 19:12
  • ir. D.F. Woudagemaal op De Lemmer

Der komt in spesjale telefyzjesearje oer it Nederlânske wrâlderfgoed. Het Klokhuis set yn maart útein mei tsien ôfleveringen fan 'Werelderfgoed'. It Woudagemaal op de Lemmer en de Waadsee binne de twa Fryske monuminten op 'e UNESCO list, en dêr wurdt dan ek wiidweidich omtinken oan jûn. Yn de rige wurdt in antwurd socht op de fraach wêrom't de plakken no krekt diel útmeitsje fan it UNESCO wrâlderfgoed.

Op 16 maart maart stiet yn de twadde ôflevering it Woudagemaal op it programma. Op 'e helte fan de telefyzjesearje, op 6 april, komt de Waadsee oan bod. De folsleine rige kin besjoen wurde op de webside fan Het Klokhuis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)