Woudagemaal droechset

07 maaie 2012 - 15:33

Der is moandei in nije stap set yn it grutte restauraasjeprojekt fan it Woudagemaal by De Lemmer. Kommende wiken wurdt it beton- en mitselwurk fan in útstreamiepening restaurearre. Dêrom is moandei in stielen wand foar it gemaal pleatst, sadat in part fan it gemaal droech komt te stean. Omdat it gemaal noch geregeld brûkt wurdt, moat it wurk foar de winterperioade klear wêze.

De kommende jierren wurdt it âlde gemaal foar miljoenen opknapt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)