Woudagemaal: 50.000e besiker

27 des 2012 - 14:21
  • Woudagemaal ûntfangst 50.000e besiker

Peter Prins út Wageningen wie tongersdei de 50.000e besiker fan it Woudagemaal op 'e Lemmer. Hy krige in rûnlieding fan sjef- masinist Ido Boonstra en as oantinken in replika fan in koperen kantsje dat yn it stoomgemaal brûkt wurdt.

It histoaryske stoomgemaal is dizze wike iepen om reinwetter fuort te pompen. Publyk is wolkom. Besikers kinne wol pas nei twa oeren it gemaal ek echt besjen. It gemaal hat sûnt in jier in besikerssintrum. Dêrmei is it tal besikers tanaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)