Woudagemaal: 10.000e besiker

07 jan 2012 - 14:46

It Woudagemaal by De Lemmer hat sneon de 10.000e besiker oer de flier hân. It gie om in man út Tilburch.

Yn de hiele wrâld bestiet belangsteling foar it stoomgemaal dat fanwege it hege wetter yn wurking is. In groep Ingelsen hat it gemaal besocht dat wrâlderfguod is. De Sweedske tillevyzje hat omtinken jûn oan it Woudagemaal. Der binne dêrneist ek e-mails kaam fan minsken dy't graach live bylden fan de masines en it spuien fan boezemwetter sjen wolle op in webcam op de website.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)