Woudagemaal ûnder stoom

02 jan 2012 - 12:39

It Woudagemaal wurdt moandei foar it earst sûnt 2009 wer oanset om al it reinwetter fuort te pompen. Op âldjiersjûn en sneintejûn waard it Hooglandgemaal by Starum al ynset om it wetterpeil sakje te litten. Likegoed is it peil yn tolve oeren 8 sintimeter omheech kaam. Op plakken foel 30 milimeter.

We krije noch folle mear stoarm en reinwetter de kommende dagen, mar it wetterskip ferwachtet dêr gjin problemen fan. Omdat it seewetter nei ferwachting oant 2.20 meter stiigje sil, giet de coupure by Harns wol ticht.

Omdat it Woudagemaal yn wurking set wurdt, sil it besikerssintrum tiisdei spesjaal foar dy gelegenheid iepen wêze fan 10.00 - 17.00 oere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)