World Solar Challenge team werom

14 okt 2005 - 10:04

It winnende team fan World Solar challenge 2005, mei dêryn de Fries Sander Zylstra, is wer werom yn Nederlân. It team fan de TU-Delft wie mei har auto, de NUNA-3, de fluchste yn in race dwers troch Australië.

De ôfstân fan goed trijetûzen kilometer waard yn 29 oeren en 11 minuten ôflein; dat is in trochsneed snelheid fan 103 kilometer yn 'e oere. Zijlstra fan Surhústerfean wie ferantwurdlik foar de tsjil-ophinging.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)