World Servants hat jild nedich

03 jan 2003 - 00:00

World Servants docht in oprop om ekstra jild yn te sammeljen. De kristlike helporganisaasje út Wolvegea tinkt dat it dreech is om sponsors te finen. Yn tiden dat it ekonomysk minder giet besunigje minsken faak as earste op goede doelen.

World Servants stjoert al 15 jier jeugd nei ûntwikkelingslannen om te helpen by bouprojekten. De dielnimmers hâlde ek aksjes om jild binnen te heljen. De 21 projekten dit jier geane wol troch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)