World Press Photo yn Ljouwert

13 jul 2010 - 16:24
  • Foto's: Omrop Fryslân

Yn Ljouwert is tiisdei de eksposysje World Press Photo iepene troch boargemaster Crone. De eksposysje is ûnderdiel fan it nije evenemint Foto Leeuwarden. Dat wurdt organisearre troch it Media Art Festival yn 'e mande mei hotel Post Plaza. Dêr binne de nijsfoto's ek te sjen.

Der is ek in útstalling yn 'e iepenbiere biblioteek oan 'e Wurdumerdyk. Fierders binne der lêzings en masterclasses te folgjen en is der in fotowedstriid foar elkenien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)