Workshops foar mantelsoargers

25 aug 2009 - 11:48

Het Friese Land komt mei workshops foar mantelsoargers. De thússoarchynstelling begjint dêrmei, omdat der hieltyd mear fraach is nei ynformaasjebyienkomsten. De workshops begjinne yn septimber. Der wurdt ûnder oare stilstien by de problemen dêr't mantelsoargers tsjinoan rinne en hoe't se har grinzen oanjaan kinne.

In grut probleem is dat mantelsoargers net mear oan harsels takomme. Yn de wurkshops wurdt dêrom ek yngien op de fraach hoe't se sels help krije kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)