Wopke de Vegt wurdt bûnscoach

22 jun 2006 - 12:25

Wopke de Vegt fan Beetstersweach wurdt bûnskoach by it Nederlânsk reedriders- bûn. De Vegt folget Ab Krook op dy't ferline jier ophâlden is. De Vegt is no mei Arie Koops en Hans Gootjes ferantwurdlik foar de technyske saken.

De belangrykste taken fan de bûnskoach binne it selektearjen en begelieden fan de achterfolgingsploech foar manlju en froulju en de seleksje fan reedriders foar ûnder oaren de grutte kampioenskippen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)