WoonFriesland regelet wenromte

21 okt 2013 - 16:44

Seis bewenners fan de útbaarnde apparteminten oan Kelders en Poststrjitte hawwe harren melden by wenningstichting WoonFriesland foar ferfangende wenromte. Dat seit manager Hendrik Hoogenkamp fan WoonFriesland. Fan dy seis bewenners hawwe fjouwer ûndertusken in nije wente akseptearre, twa tinke dêr noch oer nei.

Mei-inoar giene alve apparteminten yn flammen op. WoonFriesland koördinearret de aksje om ferfangende wenromte foar de dupearren te sykjen. De wenningstichting stiet sûnt snein yn nau kontakt mei de bewenners fan de apparteminten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)