Woon!Aris wint fan BS Weert

21 nov 2004 - 16:53

De basketballers fan Woon!Aris ha sneontejûn mei 108-105 wûn fan BS Weert. De ploech út Ljouwert koe noch net beskikke oer de nije spiler Robert Sargeant, om't syn âlde ploech yn Hongarije net foar it wykein syn frijjefte regelje koe.

It makke foar Woon!Aris neat út, want de ploech kaam fuortdaliks goed yn aksje. BS Weert rjochte him foaral op Brandon Woudstra, mar fergeat op de rest fan de spilers te ferdigenjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)