Woodbrokers bliuwt iepen

01 des 2010 - 13:37

It behannelsintrum foar jongerein Woodbrokers yn Koartehimmen kin iepen bliuwe. De Ried fan Steat hat woansdei beswieren fan omwenners ôfwiisd. Neffens omwenners soe it sintrum net passe binnen it bestimmingsplan en soe der oerlêst wêze fan de jongerein en auto's fan meiwurkers.

It behannelsintrum is al hast in jier iepen en is bedoeld foar jongeren tusken de tolve en achttjin jier mei gedrachsproblemen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)