Wonen Noordwest-Friesland priizge om oanpak krimp

04 apr 2016 - 21:55
  • It haadkantoar fan Wonen Noordwest-Friesland

Wenningboukorporaasje Wonen Noordwest-Friesland hat in goede beoardieling krigen fan de fisitaasjekommisje. Dy komt ien kear yn de fjouwer jier del om de organisaasje folslein troch te ljochtsjen.

Wonen Noordwest-Friesland kriget meardere kearen in acht, en in kear in sân foar de prestaasjes. Yn it rapport is de kommisje benammen te sprekken oer de ambysjes en de finansjele prestaasjes fan de korporaasje. Ek is der bysûnder omtinken foar de wize wêrop't de organisaasje omgiet mei de krimpproblematyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)