Wondaal nije foarsitter omrop

27 jun 2008 - 10:21
  • Harm Wondaal fan Dokkum

Harm Wondaal fan Dokkum wurdt de nije foarsitter fan de Rie fan Kommissarissen fan Omrop Fryslân. Wondaal is yn it deistich libben direkteur fan Enna Aerosols yn syn wenplak. Ek is er aktyf yn it bestjoer fan 'e Slachtemaraton en it Prins Bernhard Kultuerfûns.

Wondaal waard keazen út tweintich minsken dy't har oanmelden. Der waard socht om immen dy't aktyf is yn it bedriuwslibben, mar dy't ek kontakten hat yn de kulturele wrâld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)