Wommels wint Jong Nederlân

04 jun 2006 - 13:10

It partoer fan Wommels mei Kees Adema, Erik Haitsma en Jacob K. Haitsma hat sneon yn Frjentsjer de Jong Nederlân- keatspartij wûn. Se wûnen yn de finale mei 5-4 en 6-6 fan it favorite partoer fan Wytmarsum mei Jacob Zaagemans, Herman Sprik en Gert-Jan Meekma.

De lytse preemje gong nei it partoer fan Stiens mei Geert Faber, Franke Ferwerda en Site Ferwerda. Der stiene sneon yn totaal 33 partoeren op de list.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)