Wommels wint generale Freule

09 aug 2004 - 21:58

De ôfdieling Wommels hat sneintejûn yn Frjentsjer de generale fan de Freule wûn. Redmar Strikwerda, Douwe de Boer en Erik Haitsma bleaunen Makkum foar mei 5-3 en 6-4.

Wommels fersloech yn de heale finale nûmer trije Tsjummearum, dat doe noch mar út twa man bestie. Harren tredde man Jacob van der Meij ferstapte him en gie troch de ankel. Hy moast nei it sikehûs om der foto's fan meitsje te litten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)