Wommels wint Ald Meiers-partij

03 aug 2014 - 14:34
  • It poadium by de 15e edysje fan de Ald Meiers-partij
  • Hedwich de Boer, Martzen Deinum en Sjanet Wijnia fan Wommels by de eareronde

Hedwich de Boer, Martzen Deinum en Sjanet Wijnia fan Wommels hawwe sneon yn Hitsum de 15e edysje fan de Ald Meiers-partij op harren namme skreaun. Yn de finale wienen de fammen mei 5-2 en 6-6 te sterk foar it partoer fan Ie mei Louise Krol en Baukje Krootsma.

De lytse preemje wie foar Fiera de Vries, Jildou Jansen en Hendrieka van der Schoot fan Seisbierrum-Pitersbierrum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)