Wommels skrikt fan beammekap

16 jan 2014 - 13:01
  • Wommels skrikt fan beammekap

Op 'e Koarte Baan yn Wommels binne 100 beammen kapt sûnder oerlis mei de omwenners. It giet om in stik grûn dêr't trekkershutten foar rekreanten komme moatte. De buert begrypt net dat de eigener fan de grûn de beammen samar fuorthelle hat mei in grutte keale flakte as gefolch.

De bewenners easkje in oplossing en hawwe in brief oan de eigener fan de grûn skreaun.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)