Wolvespoar Fryslân ûndersocht

09 aug 2013 - 16:37
  • De fuotprint wurdt ûndersocht

By natuergebiet Van Oordts Mersken, neist de A7 by Beetstersweach, hat Natuurmonumenten freedtemiddei in fuotprint fan in mooglike wolf ûndersocht. Boer Hendrik Poppinga tocht in fuotprint sjoen te hawwen, makke in foto en stjoerde dy nei boskwachter en wolfsaakundige André Donker. Donker beseach de foto en ried nei Beetstersweach om it mei eigen eagen te besjen. Nei ûndersyk die bliken dat de fuotprint net fan in wolf is. Mooglike spoaren fan in wolf kinne noch hieltyd melden wurde fia de webside wolveninnederland.nl.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)