Wolvegeaster skeint de earberens yn syn wenplak

31 jul 2015 - 11:11

In 44-jierrige man út Wolvegea is tongersdeitejûn oppakt omdat er ûnsedich gedrach fertoande. De man stie op de galery by in wenning oan de Gentiaan yn syn wenplak. Dêr fierde er ûnsedige hannelingen út.

In buertbewenster seach dit en belle de plysje. Dy hat de man oanhâlden en meinaam nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)