Wolvegeaster (72) berôve

11 okt 2013 - 10:23

In 72-jierrige man út Wolvegea is tongersdei berôve. De man waard op de Sportlaan yn it doarp oansprutsen troch ien. Ut syn bewegingen koe it slachtoffer opmeitsje dat er jild wikselje woe en de Wolvegeaster pakte syn beurs. Op dat stuit besocht de dieder dêr wat út te pakken, mar dat slagge net.

Doe't it slachtoffer letter thúskaam, stie de fertochte by him foar de doar. Hy woe opnij jild wikselje. It slachtoffer krige de beurs der wer by. De dieder pakte him doe de beurs ôf en naaide út.

Ut it plysjeûndersyk docht bliken dat de fertochte mei in groep fan minimaal trije persoanen yn in âlde reade Opel Astra oan it omriden wie yn Wolvegea. In bewakingskamera hat opnames makke fan de auto, mar de kwaliteit fan de bylden is sa min dat it nûmerboerd net te lêzen is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)