Wolvegeafertochten langer fêst

12 nov 2012 - 12:33
  • oerfal

De fjouwer fertochten fan in brute oerfal op in 72-jierrige man yn Wolvegea bliuwe noch wis fjirtjin dagen fêstsitten. Dat hat de rjochter-kommissaris moandei bepaald.

De man waard ferline wike moandeitejûn yn syn eigen hûs oerfallen, fêstbûn en mishannele. De oerfallers naaiden út mei jild, sieraden en de auto fan it slachtoffer. De man rekke slim ferwûne by de oerfal. Ien fan de oerfallers is famylje fan de Wolvegeaster.

De fertochten binne in frou fan 41 jier út de Grinzer Pein, in man fan 28 út Beilen, in 46-jierrige man sûnder fêst wenplak en in frou fan 21 jier út Sânhuzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)