Wolvegea: soan graaft heit op

03 okt 2011 - 12:22
  • Foto fan de parsekonferinsje mei foaroan Henk Mous (foto: Harm Weistra)

De man dy't snein dea fûn is yn it wetter yn Wolvegea, is troch syn soan (52) opgroeven en yn it wetter smiten. Wannear't it grêf krekt leechhelle is, is noch ûndúdlik. De soan is opnaam yn in psychiatryske ynrjochting. Hy is sûnt april bekend by helpferliening. De heit wie begroeven op it roomsk-katolike begraafplak yn Wolvegea.

De soan is sneintejûn oanhâlden. De plysje hie sjoen dat der wat mei it grêf bard wie. De auto fan de soan hie spoaren fan it stoflik omskot.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)