Wolvegea Park yn Poalen

16 apr 2002 - 00:00

In park yn de Poalske gemeente Choszczno sil de namme Wolvega Park krije. Choszczno is in partnergemeente fan Weststellingwerf. It gearwurkingsferbân bestiet yn juny tsien jier en dat wurdt yn beide gemeenten fierd.

Ek wurde der nije útwikselingsprogramma's opset. Ferline wike hawwe minsken út Poalen op besite west yn Weststellingwerf. It tema wie ôffalferwurking.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)