Wolvegea langer ôfsletten

21 nov 2008 - 15:04

De ôfsluting fan de op- en ôfrit fan de A32 by Wolvegea duorret langer omdat der op ien plak hieltyd grûnwetter opbuorreljen komt. Dêrtroch kin de nije fundearring net oanlein wurde. Rykswettersteat kin net sizze hoe lang de ôfsluting duorje sil.

Kommende moandei hie it wurk klear wêze moatten. It wurk is ûnderdiel fan de hiele oanpak fan de dyk tusken Teridzert en Stienwyk. It doel is om Krysttiid hinne wer twa rydstroken yn beide rjochtings beskikber te hawwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)