Wolvegea: famylje Ku moat bliuwe

24 mrt 2003 - 00:00

Ynwenners fan Wolvegea en omkriten fine manmachtich dat de Sineeske famylje Ku yn Nederlân bliuwe moat. Hast elkenien dy't ôfrûne wike oan in enkête meidie, fynt dat de famylje net fuort moat.

De útslach fan de enkête wurdt moandei oan boargemaster Heite fan Weststellingwerf oanbean. De Wolvegeasters wolle de aksjes foar de famylje Ku trochsette oant minister Nawijn in beslút nimt oer de takomst fan it gesin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)