Wolfslag wol ferrasse op WK

26 aug 2013 - 13:32
  • Miranda Wolfslag

Judoka Miranda Wolfslag hopet foar in ferrassing te soargjen op it WK judo yn Rio de Janeiro. De Ljouwerter makket tiisdei har debút op it wrâldkampioenskip yn Brazilië. Se docht mei yn de klasse oant 52 kilo en makket ek diel út fan de ploech dy't meidocht oan de teamwedstriid.

Earder dit jier pakte Wolfslag as earste Friezinne ea in gouden medalje by in wrâldbekerwedstriid. Nêst presteare wol de judoka benammen ek genietsje, omdat it har earste WK is. Se hopet foar de medaljes stride te kinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)