Wol wynmûnen by Marrum

29 des 2005 - 21:22

De beswieren fan it Fryske Gea en de Waadferiening tsjin it pleatsen fan sân wynmûnen by Marrum binne sûnder grûn. Dat seit de Raad van State. De mûnen komme yn de Nijtsjerksterpolder te stean tusken it doarp en de Waadseedyk. Dat is tichtby it Waad, mar ek by natuergebiet Noard-Fryslân bûtendyks.

De mûnen hawwe in ashichte fan 40 meter en passe wol yn it bestimmingsplan. De gefolgen foar de natuer binne goed ûndersocht, fynt de Raad van State.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)