Wol teaterkafee yn Snits

08 jan 2014 - 16:52

Snits krijt definityf in teaterkafee. It kafee komt yn it gebou njonken it teater fan Snits. Plannen om hjir in hoarekagelegenheid te festigjen wiene der al jierren, mar lange tiid koe gjin útbater fûn wurde, ta grutte teloarstelling fan de gemeente en de teaterdireksje. Troch jild yn te sammeljen fia crowdfunding op ynternet is it Koudumer ûndernimmer Freek Kramer no dochs slagge om mei in helber plan te kommen. Hy sil in part fan it gebou ferbouwe litte. It kafee moat yn april al iepen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)