Wol sterke drank yn Haulerwyk

03 maaie 2005 - 11:35

Yn doarpshûs de Enter yn Haulerwyk mei wól sterke drank skonken wurde. Dat hat de rjochter bepaald. De gemeente Eaststellingwerf woe dat der allinne wyn, bier en fris skonken wurdt.

Yn Haulerwyk wie ûnrêst ûntstien oer it ferbod, omdat it doarpshûs ynkomsten misrinne soe. De gemeente woe gjin fergunning jaan, omdat it doarpshûs gjin horekagelegenheid is. It bestjoer fan it doarpshûs is bliid mei de útspraak fan de rjochter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)