'Wol plysje by Harkemase Boys'

18 maaie 2003 - 00:00

By de wedstriid Quick Boys tsjin Harkemase Boys kommende sneon moatte wer tsientallen aginten ynset wurde. Dat advisearret feilichheidskoördinator Van der Heide fan de KNVB.

Van der Heide sei dat sneon nei ôfrin fan de wedstriid Huizen-Harkemase Boys. Om rellen foar te kommen wiene der santich man plysje ynset yn Huizen. Se hoegden net yn aksje te kommen. De boargemaster fan Katwyk moat deselde maatregels nimme fynt Van der Heide.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)