Wol nij swimbad Kealledykje

18 des 2003 - 00:00

De bou fan it nije swimbad It Kealledykje yn Ljouwert giet definityf troch. De gemeenterie is woansdeitejûn yn mearderheid akkoart gien mei it foarstel fan wethâlder Van Mourik. De nijbou fan it bad, dat earst rûsd waard op 5,6 miljoen euro, komt no út op 8 miljoen.

Dy tsjinfaller is no dus ek akseptearre troch de rie. It nije Kealledykje, dat op it plak fan it âlde bad komt, moat yn 2006 oplevere wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)