Wol neisoarch, gjin wedstriid om earste ljipaai

20 mrt 2016 - 16:15
  • Ljipaai

Fan moandei ôf begjinne de leden fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten mei de neisoarch. It wedstriidelemint fan it finen fan it earste ljipaai ferfalt hielendal. Sawol foar it earste aai fan de gemeente as fan de ferskillende fûgelwachten. Dat is it advys dat it bûn snein jûn hat oan de leden.

Fierder meie de leden allinnich noch mar yn it eigen gebiet it fjild yn. Sa hopet it bûn foar te kommen dat se boeten krijt.

Freed naam it ministearje fan Ekonomyske Saken it beslút ta in twangmaatregel mei in boete fan 2500 euro per dei as der noch nei aaien socht wurdt. De kommende wiken sil it BFVW besjen hoe't se tsjin dat beslút yngean kin. Dat is naam sûnder kennis fan saken, fynt it bûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)