Wol kontrôle, gjin bekeuring fan de plysje

26 mrt 2015 - 15:59

De plysje hat woansdeitemoarn op de grutte dyk bij Terwispel it ferkear kontrolearre, mar bestjoerders dy't fout wiene, krigen gjin bekeuring. De plysje hâlde it bonneboekje yn de bûse fanwege de CAO-aksjes.

De plysje protesteart op 't heden tsjin it útbliuwen fan in goeie CAO. De kontrôle fan woansdei wie foaral rjochte op oanhingkarren. Minsken dy't de saak net op oarder hiene, krigen allinne in warskôging.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)