'Wol fúzje gerjochtshôven'

26 mrt 2010 - 16:36

In nij kabinet sil de oankundige fúzje tusken de gerjochtshôven fan Ljouwert en Arnhem gewoan trochsette. Dat ferwachtet presidint Keur fan it gerjochtshôf yn Ljouwert. De fúzje tusken de beide gerjochtshôven is ûnderdiel fan in reorganisaasje by de gerjochtshôven en rjochtbanken, dy't it âlde kabinet yn novimber oan de Twadde Keamer stjoerd hat.

Keur ferwachtet dat dy reorganisaasje gewoan trochgean sil, ek as de politike kleur fan it kabinet feroaret.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)