"Wol fiif oant seis rigen wynmûnen nedich by Ofslútdyk"

02 jan 2015 - 13:10

In wynmûnepark by de Ofslútdyk del, dat 315 MW oan stroom leveret, kin allinnich as der fiif oant seis rigen wynmûnen pleatst wurde. Dat skriuwt Anne de Groot fan Windmolenpark Fryslân BV yn in brief oan de gemeente Súdwest-Fryslân. Minister Kamp sjocht oant no ta gjin heil yn wynmûnen op of by de dyk, mar de gemeente en in mearderheid fan Provinsjale Steaten wolle dat de mooglikheid dochs ûndersocht wurdt.

De meiwurkers fan Windmolenpark Fryslân BV hawwe fjouwer jier ûndersyk dien nei wynmûnen.

Wethâlder Gea Akkerman fan Súdwest-Fryslân leit de krityk fan wynmûne-eksploitant Anne de Groot fan Windmolenpark Fryslân BV neist har del. De Groot skriuwt yn in brief oan de gemeente, dat der fiif oant seis rigen mûnen nedich binne om 316 MW oan stroom leverje te kinnen. Súdwest-Fryslân wol net mear as twa rigen tastean en dat moat kinne, seit Akkerman. Deputearre Konst moat, neffens har, ûndersykje oft in park by de Ofslútdyk mooglik is, want der moat in goed ferhaal lizze om minister Kamp sa fier te krijen, dat hy mei de gemeente Súdwest-Fryslân mei giet, neffens Akkerman. Konst sil nije wike mei minister Kamp prate, mar is net fan doel om foar dy tiid in ûndersyk op te setten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)