Wol feest yn Hylpen

26 maaie 2009 - 14:08

It alvestêdejubileumfeest yn Hylpen giet troch. Dat seit Marc de Bruin fan de organisaasje. Earder like it jubileum fan Starum, dat no fierd wurdt, de lêste te wurden yn de rige.

Troch in tekoart fan 50.000 euro soene de fergese feesten ophâlde moatte. Neffens De Bruin ha sponsors ôfheakke troch de ekonomyske krisis. Foar in feest yn Hylpen is noch jild. De organisaasje besjocht no per feest oft it trochgean kin. De provinsje is frege om ekstra jild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)