Wol asbest, gjin gefaar

10 jan 2005 - 14:15

De útslaande brân fan sneintenacht yn Drachten by in sportkantine oan de Sportlaan hat gjin gefaar opsmiten foar omwenjenden. Der is wol asbest frijkaam by de brân, sa hat bliken dien út ûndersyk. Mar de gefaarlike stof is daliks yn de omjouwing fan de kantine delkaam.

Bewenners hawwe sneintemoarn in brief krigen mei alle ynformaasje. De kantine fan de honk- en softbalferiening wie faker it slachtoffer fan fandalisme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)