Wol Alvestêdetocht op Twitter

14 mrt 2012 - 19:32
  • Website Twitter Elfstedentocht voor Warchild

Hûnderten firtuele reedriders dogge tongersdei mei oan in twitter alvestêdetocht. Mei dy digitale alvestêdetocht wurdt jild ophelle foar Warchild.

Elkenien kin meidwaan troch in sms-ke te stjoeren oan 4333 mei in donaasje oan Warchild of in twitterberjocht nei @elfsteden te stjoeren. Elk twitterberjocht kin dêrnei punten opsmite, wêrtroch jo foarútkomme op it parkoers. Om 12 oere nachts moat der dan ien twitterer út komme dy't it hurdste west hat. Oan de wedstryd dogge ûnder oaren Marco Borsato, Ireen Wüst en Piet Paulusma mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)