Wobbe van Seijen krijt Pommeranten Pries 2016

13 apr 2016 - 21:41
  • Wobbe van Seijen krijt Pommeranten Pries 2016

De Pommeranten Pries 2016 fan de Ljouwerter Historische Vereniging Aed Levwerd is dit jier takend oan Wobbe van Seijen. Dizze pommerant hat neffens de sjuery syn spoaren fertsjinne as ûndernimmer, muzykleafhawwer en ynspirator, mar foaral as Liwwadder dy't fier foarút rint, oars is en oars doart te wêzen.

De Pommeranten Pries is bedoeld foar persoanen en ynstellingen dy't yn Ljouwert op kultureel of histoarysk mêd in belangrike rol spile hawwe. De priis bestiet út in gouden spjelde en in oarkonde.

Madonna

Van Seijen groeide op yn de Schepenbuert en ferkocht dêr as tiener al singeltsjes op de merk. Hy hie in skoft de platesaak Bij de Put en begûn letter syn eigen produksjebedriuw Universe Productions mei in eigen label.

De muzykscene yn Ljouwert rûn - mei tank oan Wobbe - yn de santiger jierren fier foarút. Ljouwert waard sels wrâldnijs, doe't Wobbe tsien dagen for de nije release de nije cd fan Madonna yn hannen krige.

Wobbe ûntduts Herman Brood

Bands dy't by oare platemaatskippijen net terjochte koene, kamen by Van Seijen wol oan de bak. "De muziekindustrie kocht artiesten", neffens Wobbe. Ljouwerter bands als Pugh's Place, Irolt en singer-songwriters as Sido Martens lieten harren platen by him produsearje. Herman Brood waard troch Wobbe van Seijen ûntdutsen en Brood brocht by him syn earste solo-lp út.

Yn 1996 rjochtet Van Seijen him folslein op syn label en kaam de platesaak Bij de Put yn hannen fan syn maat Harrie van der Meer. Dy hold dêr ein 2001 mei op en ferstoar dit jier. Sûnt 2002 hat Van Seijen ek wer in platesaak.

Ferknocht oan Ljouwert

Wobbe van Seijen is ferslingere oan Ljouwert, de stêd dy't him foar in part foarme hat. Hy fynt dat de stêd besikers in soad te bieden hat. As ûndernimmer kaam hy mei in soad moaie en bysûndere ideeën, altyd mei it motto: "Waarom niet? In principe kan alles!". De museumhaven wie ek syn idee en hy begûn mei de salonboat "Wetternocht" as earste mei fartochtsjes troch Ljouwert, de foarrinner fan Stichting Praamvaarten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)