Woanskip wer yn Ljouwert

18 jan 2003 - 00:00

Ljouwert krige sneon syn romrofte Woanskip werom. It skip, ûnder oaren besongen troch Anneke Douma, waard ferline jier út Ljouwert weihelle troch de âldjiersploech fan de Frijsteat Folgeren yn Drachten. Dêr kaam it skip nijjiersdei wer boppe wetter.

It Woanskip lei tusken tsienen en alven oan de Swettehaven yn Ljouwert. Dêr is it út it wetter helle foar in grutte opknapbeurt. Earst waard it noch op in trailer troch de stêd riden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)