Woanskip nei Museumhaven

31 des 2003 - 00:00

It 'Woanskip' moat gau in plak krije yn de Museumhaven yn Ljouwert. Riedslid Feddema (VVD) pleitet foar it behâld fan it skip dat bekend wurden is troch it liet fan Anneke Douma.

It skip is goed in jier lyn as âldjiersfyt kaapt troch âldjiersploech de Folgeren út Drachten. Yn jannewaris kaam it werom yn Ljouwert. Sûnt dy tiid leit it yn de Swettehaven. Feddema hopet dat it skip foar de simmer nei de Museumhaven ferhuze wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)