Woansdeis net fergees nei FM

02 nov 2012 - 12:21
  • It nije Frysk Museum yn Ljouwert

It Fries Museum hâldt op mei de fergese tagong op woansdei. Sûnt 2002 koene besikers op dy dei sûnder in kaartsje te keapjen it museum yn. De sponsor dêrfan, Friesche Vlag, is der lykwols mei ophâlden, en sûnder sponsor kin it net, sa seit saaklik direkteur Woering. Der sil net besocht wurde in alternative jildsjitter fan dy fergese woansdei te finen. Yn dy tsien jier hawwe in protte ekstra besikers yn it Fries Museum west, sa seit Woering.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)